Nije plannen foar Ofslútdyk

De Ofslútdyk fanút de loft
Op de Ofslútdyk moat in betonnen muorre komme, dy't by in stoarm de hege golven brekke kin. Dat past it bêste by it strakke en sobere karakter fan de Ofslútdyk. Dat stiet yn it plan fan fjouwer arsjitekte- en advysburo's, dat makke is yn opdracht fan Rykswettersteat.
Moandei wurdt it plan presintearre oan steatssekretaris Tineke Huizinga. De buro's wolle in nij sluzekompleks by Koarnwertersân. Breesândyk moat in 'eilân fan ynnovaasje' wurde.