Gearkomste froulju yn polityk

© Omrop Fryslân
De organisaasje Partoer CMO wol mei in ynformaasjegearkomste froulju ynteressearje foar de polityk. De Fryske gemeenterieden bestean no mar foar 28 persint út froulju.
Fan alle wethalders is mar 26 persint frou. Takom jier begjint in kursus foar froulju. Dêrby wurde trenings jûn yn debattearjen en kommunisearjen. De ynformaasjegearkomste oer de kursus is moandei oer in wike.