Geunstige lotting Aris

28 nov 2008 - 19:13

De basketballers fan Aris Friesland hawwe geunstich lotte foar de kwartfinale fan de beker. Aris spilet thús yn It Kealledykje tsjin de winner fan Weert-Leiden, twa clubs dy't krekt as de Ljouwerters stride om in plak by de play-offs.

Op 13 jannewaris spylje Weert en Leiden tsjin elkoar yn de achtste finales. It is noch net wis wannear't de kwartfinale spile wurdt, mar alle kwartfinales moatte foar 1 febrewaris hâlden wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)