Dingsdag fit foar PSV

28 nov 2008 - 18:05

Hearrenfeanspiler Michael Dingsdag is fit foar de wedstryd fan sneon tsjin PSV. De ferdediger rekke trije wiken lyn blessearre oan syn skouder. Dinsgdag trainde freed mei by de lêste training foar de wedstryd tsjin PSV. Nei alle gedachten begjint er yn de basis tsjin de lânskampioen.

Hearrenfean spilet wol sûnder Mika Väyrynen, dy't skorst is nei twa giele kaarten tsjin FC Twente. PSV mist Ibrahim Afellay en mooglik ek Dirk Marcellis en Erik Pieters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)