Tsjerke Nijlân opknapt

De restauraasje fan de tsjerke fan Nijlân is klear. By de opknapbeurt is in soad houtwurk ferfongen. Dat wie nedich ek want de bûnte kjifkrobbe hie de houtkonstruksje de lêste jierren bot oantaast. Dat wie sa slim dat der ynstoartingsgefaar drige. Fierder is it monumintale oargel restaurearre.
De hiele operaasje hat 1,2 miljoen euro koste. De hiele put hat in jier duorre.