Ovale rotonde Stiens iepene

28 nov 2008 - 16:49

By Stiens is freed de earste ovale rotonde fan Fryslân iepene. It ferkearsplein wie al in skoft yn gebrûk, mar is no pas offisjeel iepene. De 'ovonde' is ferlykber mei it systeem fan it ferkearsplein by De Jouwer. It is ek de earste ovale rotonde yn Nederlân dêr't je middentroch fytse kinne.

De ovonde soe feiliger wêze as in normale rotonde. Nei seis moanne wurdt sjoen of dat ek sa is. Dan komme der mooglik mear ovale rotondes yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)