Bou McDonaldhoeve begûn

Sporters Epke Zonderland en Korie Homan lizze de earste stien
Foar de bou fan de nije Ronald McDonaldhoeve yn Beetstersweach is noch in tekoart fan hast twa miljoen euro. Fan it totale bedrach is dêrmei noch mar in heal miljoen euro binnen. Dat die freedtemiddei bliken by it lizzen fan de earste stien.
De Ronald McDonaldhoeve wurdt in fakansjehûs foar handikapte bern. Yn augustus moat it gebou klear wêze. Al is it jild der noch net, manager Marc Stallinga hat der betrouwen yn dat it wol goed komt.