Botsing by Dronryp

28 nov 2008 - 14:42
  • Foto's: Aise van Beets

By in ûngelok op de N31 is freed in ynwenner (23) fan Hellendoorn ferwûne rekke. Hy naam mei syn auto de ôfslach rjochting Dronryp en seach dêrby de auto fan in 33-jierrige frou út Menaam oer de holle. In botsing wie it gefolch.

Ut foarsoarch, fanwege mooglike ferwûnings oan de nekke, is de auto fan de frou út Menaam iepenknipt om har der út helje te kinnen. By de helpferliening wiene trije ambulânses en twa brânwachtauto's belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)