Stimburo WF dochs iepen

Wetterskipskantoar yn Ljouwert
De offisjele sitting fan it stimburo yn it wetterskipsgebou yn Ljouwert is tongersdei wol trochgien, ek al is der noch gjin útslach. Eins hie tongersdei it grutte ferkiezingsfeest wêze sillen, mar lykas bekend is de útslach fan 'e wetterskipsferkiezings net earder as sneon bekend. Dat komt troch grutte fertraging by de ferwurking fan 'e stimmen.
Wetlik moast de sitting fan tongersdeitejûn gewoan trochgean. Der wiene mar trije minsken.