Edelherten Skylge kroechgrap

27 nov 2008 - 17:20

It mystearje fan de edelherten op Skylge liket oplost. It soe gean om in út de hân rûne kroechgrap fan in groepke eilanners. Neffens it ferhaal hawwe de grapmakkers by twa hertefokkers op de fêste wâl del west. De edelherten strune al mear as tsien dagen op Skylge om. Der gean allegear ferhalen op it eilan.

Steatsboskbehear riedt minsken ôf om achter de herten oan te gean. Der is no al in soad ûnrêst en fersteuring fan de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)