Yndustryterrein feiliger

27 nov 2008 - 14:30

Bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert wurdt yn trije jier in stik griener en feiliger. Mei it ûndertekenjen fan in konvenant hat it terrein fan tongersdei ôf in parkmanager dy't dêr foar soargje sil. De gemeente Ljouwert jout it parkmanagement twa ton om it bedriuweterrein op te knappen. Ek de ûndernimmers sels betelje mei.

Op dit stuit steane der in protte gebouwen leech, minsken fiele har ûnfeilich en der is te min grien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)