500 kij foar froulju Tanzania

26 nov 2008 - 22:16

De aksje 'Vrouw zoekt boer' fan de Fryske stichting 'Farm Friends' hat in jier rûn en is no al in grut súkses. Fia spotsjes op radio, tv en ynternet is der twahûnderdtûzen euro ophelle. En dat betsjut dat der 500 kij beskikber komme dy't troch Tanzaniaanske boerinnen leasd wurde kinne.

Fia de molke-opbringst betelje de boerinnen yn fjouwer jier de ko ôf en wurdt it bist eigen besit. De stifting hat op dit stuit al 400 kij útstean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)