Mei âld-en-nij op 'e saak

© Omrop Fryslân
Undernimmers moatte tidens de âldjiersnacht better op har eigen guod passe. Dat fynt de RPC, it Regionaal Platform Criminaliteitsbeheersing dêr't plysje, boargemasters en de Keamer fan Keaphannel ynsitte. It advys is om de gebouwen yn it ljocht te setten, los guod op te rêden en de nacht yn it eigen bedriuw troch te bringen.
As groepen jongeren oan it fernielen slaan moatte eigners sels de jeugd dêr op oansprekke.