Restauraasje likehúske

26 nov 2008 - 15:49
  • De restauraasje is yn folle gong

Op it stuit wurdt hurd wurke oan de renovaasje fan it likehúske op it Stedsbegraafplak yn Ljouwert. It likehúske is no in boufal en it hat net iens in dak. Doel is dat der in ûntfangstromte ynkomt en isolaasje, flierverwaarming en in húske.

De gemeente lit it likehúske restaurearje troch in boubedriuw en troch learlingen fan it Friesland College, as learprojekt. De restauraasje kaam ûnder de oandacht troch it tv-program De Restauratie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)