Fytser oanriden yn Surh'fean

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige fytser is tiisdeitemiddei yn syn wenplak Surhústerfean ferwûne rekke. De man waard op de Teake Schuilingaleane oanriden troch in 43-jierrige automobilist út Koatstertille. De fytser hie gjin foarrang ferliend.
Mei ferwûnings oan de holle is er oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten. Om't de plysje tinkt dat er drank hân hie, is him dêr in bloedproef ôfnommen.