Edelherten moatte fuort
De edelherten op Skylge moatte sa gau mooglik fan it eilân ôf. Dat fine de boeren op it eilân. Yn in brief oan sawol de gemeente as oan Steatsboskbehear wurdt om maatregels frege.
De boeren binne benaud foar syktes dy't de herten op har fee oerbringe kinne.