Lânboukampus by Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt in Lânbouwkampus oan de Súdkant fan de stêd op it terrein fan de Praktykbuorkery Nij Bosma Zathe. Der komt in kennissintrum foar melkfeehâlderij dat unyk is yn Europa, sa wurdt der sein.
It giet om in inisjatyf fan de universiteit fan Wageningen, it Van Hall ynstitút yn Ljouwert, de LTO en de praktykskoalle yn Oentsjerk. Dit kin betsjutte dat de praktykskoalle yn Oentsjerk miskien tichtgiet en nei de Kampus by Ljouwert ferhuzet.