Grutte skea oan hûs by botsing

25 nov 2008 - 23:46
  • It swier skansearre hûs en buske
  • Yn 'e hûs in ravaazje

In wenning oan de Bij de Leijwei yn Hoarnstersweach is tiisdeitejûn slim skansearre troch in oanriding. It buske fan de bewenner stie by it wenhûs parkeard, mar waard troch in oanriding dwers troch de gevel drukt.

In bestjoerder fleach út de bocht, tsjin it buske oan. Beide bewenners wiene yn'e hûs, mar rekken net ferwûne. Omdat der ynstoartingsgefaar is, hat de brânwacht de gevel skoarre en moatte de bewenners tiidlik in oar ûnderkommen sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)