Priis foar Claudy Jongstra

© Omrop Fryslân
De Spannumer keunstneres Claudy_Jongstra hat tiisdei yn Amsterdam de Prins Bernhard Cultuurfonds-priis krigen. Se krijt de priis yn de kategory "toegepaste kunst en bouwkunst". Jongstra makket stoffen foar ynternasjonale moade-ûntwerpers. Har kreaasjes binne te sjen yn belangrike musea oer de hiele wrâld hinne.
De priis is in bedrach fan 50.000 euro en Jongstra krige de priis út hannen fan prinses Margriet.