Direkteur Meldij fuort

© Omrop Fryslân
Direkteur Marianne Bloot fan de muzykskoalle De Meldij yn Drachten hoecht fan it bestjoer net mear op har wurk te kommen. De ferhâlding tusken bestjoer fan keunstesintrum De Meldij en de direkteur stie al langer ûnder druk, omdat se it net iens binne oer de rolferdieling.
It bestjoer leaut net dat der noch in oplossing te finen is foar it ferskil fan ynsjoch. Yn ôfwachting fan it ein fan har kontrakt, hoecht se fan it bestjoer net mear oan it wurk.