Reistiidadvizen foar Ljouwert

25 nov 2008 - 15:14

Automobilisten dy't Ljouwert yn wolle, kinne fan no ôf sjen hoe lang at se dêr oer dogge. By de súdlike ynfalsdiken fan Ljouwert binne de buorden mei de reistiden pleatst. Sa kin de automobilist de fluchste rûte kieze nei de binnenstêd.

Mei 25 kamera's wurdt de drokte om de stêd hinne yn de gaten hâlden en trochjûn op de spesjale buorden. De proef mei de reistiidadvizen duorret trije wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)