Zelle no ek yn it Nederlânsk

24 nov 2008 - 15:30

Tryater hat plannen om mei toanielfoarstelling Zelle op toernee troch hiel Nederlân. It stik oer de legindaryske dûmny Zelle fan Ljouwert wurdt spile troch Freark Smink.

Zelle wie in grut súkses yn Fryslân, mei útferkochte foarstellings en besikers út it hiele lân wei. It is it doel om de foarstelling no ek bûten Fryslân sa'n 25 kear op te fieren, mar dan yn it Hollânsk. Oft it plan trochgiet moat meikoarten dúdlik wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)