Soad stimbiljetten oanfrege

Der binne in soad nije stimbiljetten foar de Wetterskipsferkiezings oanfrege. Sa'n 200 minsken wiene benaud dat sy stimbiljetten ferwiksele hiene. De stimbiljetten binne op namme en dêrom giet it sa no en dan mis yn húshâldens mei ferskate stimbiljetten.
Telefoanysk wie it oant freedtemiddei mooglik in nij biljet oan te freegjen. It is tiisdei noch oant healwei tolven moarns mooglik om by it wetterskipshûs yn Ljouwert in nij biljet ôf te heljen.