Lulkens oer bonus by NHL

© Omrop Fryslân
It personiel fan NHL is min te sprekken oer de bonus dy't in bestjoerder ferline jier krigen hat doe't er fuortgong. Neffens it personiel is it net passend mei de besunigings dy't op dit stuit trochfierd wurde.
De meisizzenskipsried fan de NHL hat in brief stjoerd nei de Ried fan bestjoer. It giet om in bonus fan 10.000 euro. Dat falt te lêzen yn it jierferslach fan 'e NHL. De NHL moat hast trije miljoen euro besunige.