Caparis sjocht wol wat yn weed

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis kin wol himp kweke foar de gemeente Smellingerlân. Dat seit direkteur De Vreeze yn in reaksje op it foarstel fan boargemaster Middel foar in gemeentlike marihûanakwekerij.
Boargemaster Middel wol sa de twa Drachtster coffeeshops fan weed foarsjen en in ein meitsje oan de ûndúdlike situaasje oan de achterdoar. De Vreeze is posityf oer it plan fan Middel om de himp mooglik troch Caparis ferbouwe te litten.