Sikehuzen wolle gearwurkje

Smite Ljouwert en It Hearrenfean de lapen gear?
Sikehûs MCL yn Ljouwert en de Tsjongerskâns op It Hearrenfean ûndersykje oft se mear gearwurkje kinne. It ûndersyk sil in pear moanne duorje. De dokters en de direkteuren wurde by it ûndersyk belutsen.
Hoe't de gearwurking der krekt út sjen sil, is neffens de sikehuzen hielendal noch net bekend. Under oare de meisizzenskipsrieden wurde by de plannen belutsen sadree't der mear dúdlik is.