534 fytsers sûnder ljocht

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne dizze hjerst 534 bekeurings útskreaun oan fytsers dy't gjin ljocht hiene. Troch fytsers wurdt hieltyd faker gebrûk makke fan losse lampkes, mar it komt faak foar dat de batterijen leech binne. Fytsers krije dan dochs in bon.
Neffens de plysje binne der trouwens opfallend folle fytsers dy't de ferljochting wol goed foarelkoar hawwe. Sûnt 1 novimber binne losse lampkes op de fyts ek tastien.