Man oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneintejûn in man oanhâlden op fertinking fan slimme mishanneling yn in hûs oan de Monnikebildtdyk by Aldebiltsyl.
De fertochte besocht it hûs fan in 51- jierrige man yn te kommen, mar dy woe him der net yn hawwe. Hy hie de doar op slot dien. Doe hat de fertochte de doar yntrape en de bewenner slein en yn syn foet stutsen.