Drachten wol eigen weed kweke

24 nov 2008 - 06:17

Smellingerlân moat syn eigen gemeentelike weedkwekerij krije. Boargemaster Bert Middel wol sa gau as mooglik los mei in eigen kwekerij dy't de beide Drachtster coffeeshops fan weed foarsjocht.

Hy wol sa in ein meitsje oan de ûndúdlike sitewaazje dat de tylt en talevering fan softdrugs ferbean is, wylst de ferkeap wol tastien wurdt. Meiwurkers fan de bûtentsjinst of de sosjale wurkfoarsjenning soene de gemeenteweed ferbouwe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)