Wapene oerfal yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Twa wapene manlju ha sneontejûn in oerfal dien op in hoarekagelegenheid oan it Fliet yn Ljouwert. Om kertier oer achten kamen de manlju mei in wapen de coffeeshop binnen. De iene hold in personielslid ûnder skot, wylst de oare de kassa leechhelle.
Ek waard der hasj en weed meinaam. In klant dy't ûnder de oerfal de sjop binnenkaam krige ek in wapen op him rjochte. De man koe lykwols útnaaie. De oerfallers flechten yn de rjochting fan de Bleekleane.