Stroetinga twad op maraton

23 nov 2008 - 14:22

Maratonreedrider Arjan Stroetinga fan Waskemar is op de maraton fan Amsterdam twadde wurden. Hy kaam ien tûzenste fan in sekonde tekoart op winner Karlo Timmerman fan Grins.

Wylst op televyzjebylden Stroetinga as earste oer de streek kaam, bleau de sjuery by har beslissing om Timmerman as winner oan te wizen. Stroetinga hat wol protest oantekene en dat sil ynkoarten behannele wurde. Yn de stân moast Douwe de Vries de lieding ôfstean oan de Frânsman Cédric Michaud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)