Hurd optrede mei âld en nij

23 nov 2008 - 13:41

Gemeenten, plysje en de brânwacht trede keihurd op tsjin minsken dy't har mei âld en nij misdrage. Se hawwe mei elkoar in plan makke om fernielings en brânstiftings tsjin te gean.

Jongeren dy't helpferlieners op 'e hûd sitte, wurde swier straft. Helptsjinsten sette ûnopfallende kamera's yn om relskoppers yn de gaten te hâlden. De brânwacht fan Haulerwyk seit by rellen net mear yn te gripen en it fjoer baarne te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)