Byienkomst oer weryndieling

23 nov 2008 - 13:23

De gemeente Wymbritseradiel hâldt tiisdei in ynformaasjejûn foar ûndernimmers oer de gefolgen fan de gemeentlike weryndieling. Der wurdt ek praat oer it gemeentlik ekonomysk beleid.

De gemeente wol dat de ûndernimmers aktyf meitinke oer de ekonomyske fisy. De Keamer fan Keaphannel en MKB Noord prate ek mei op de byienkomst. Dy wurdt tiisdeitejûn holden yn it Heechhûs yn Heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)