Beslút keapsnein Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De ried fan Achtkarspelen wol fan de middenstanners yn de gemeente witte wat sy fine fan de mooglike ynfiering fan keapsneinen. De gemeenteried moat meikoarten in beslút nimme oft winkels yn Achtkarspelen op snein al as net iepen meie.
In mearderheid wol earst de miening fan de winkelju sels witte. Dêrom wurdt der meikoarten in enkête holden. De ChristenUnie is op foarhân tsjin keapsneinen.