Heechste punt bou werf berikt

© Omrop Fryslân
De nijbou fan de gemeentewerf fan Weststellingwerf berikt moandei it heechste punt. In jier lyn is mei de bou fan it ôffalstasjon. Yn maaie is it ôffalstasjon yn gebrûk naam. Dêrnei is út ein set mei de bou fan de werf.
Ien ûnderdiel dêrfan wurdt al brûkt. Dat is de sâltloads wêryn't ek plak is foar it strui-materieel. Ek de remize is oplevere en kin yn gebrûk naam wurde. Der wurdt no wurke oan de wurkpleatsen mei kantoar. Dêrfan wurdt it heechste punt berikt.