Syktocht nei fermiste Warkumse

23 nov 2008 - 12:50
  • José Frauenknecht

De famylje fan de fermiste José Frauenknecht begjint fia ynternet in ynternasjonale syktocht nei de Warkumse. De frou fan 32 is freed 7 novimber foar it lêst sjoen. Se groete doe de meiwurkers fan de 'Herberg van Oom Lammert en Tante Klaasje', dêr't se útbaatster fan is.

Nei in besite oan in kennis yn Ljouwert is se nei alle gedachten op de trein rjochting Swolle stapt. Dêrnei is der neat mear fan har fernaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)