Wer otter yn Alde Feanen

22 nov 2008 - 16:37

Nei tweintich jier is der wer in otter yn de Alde Feanen. By de Wide Ie by Aldegea Smellingerlân fûn natuerman Tjibbe de Jong tongersdei farske keutels fan in otter.

Addy de Jongh fan stifting Otterstation Nederland konkludearret dat de neikommelingen fan de útsetten otter yn de Rottige Meenthe en de Weerribben op eigen krêft yn Midden-Fryslân bedarre binne. De Jong fûn de keutels op itselde plak dêr't er 20 jier lyn foar it lêst in otter seach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)