Frou tusken wâl en skip

22 nov 2008 - 13:38

In 50-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht nei sneon tusken wâl en skip rekke op de Oostergrachtswal. De frou wie de hûn oan it útlitten doe't se oan de wetterkant har lykwicht ferlear. Se kaam tusken de kade en in wenskip telâne en koe sels de oardel meter hege muorre net opkomme.

Twa foarbygongers koene har boppe wetter hâlde en mei help fan twa plysjeminsken op it droege lûke. Se is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)