Harkemase Boys spylje net

© Omrop Fryslân
De wedstriid Giel Wyt tsjin Harkemase Boys giet sneontemiddei net troch. It slagget de Amelânder fuotbalklub net om de spilers byinoar te krijen, sa ha se Harkemase Boys witte litten. De wedstriid wie al omruile.
Dy soe eins op It Amelân spile wurde, mar omdat it fjild dêr sa min wie, waard besletten de wedstriid op sportpark De Bosk op 'e Harkema te spyljen. De wedstriid soe sneontemiddei om 15.00 oere spile wurde, mar giet no dus hielendal oer.