Hûs foar amateurkeunst iepene

22 nov 2008 - 13:02

Ek amateurkeunstners kinne tenij yn in profesjonele dûns- en teaterstudio foarstellings jaan. Yn it nije 'Huis voor Amateurkunst' yn Ljouwert kinne keunstners en ferienings romte hiere foar foarstellings en om te oefenjen.

It hûs foar de amateurkeunst waard freed offisjeel iepene. It sintrum sit yn in knalblau gebou yn de binnentún fan de âlde Infirmerie yn Ljouwert. It hûs is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en is ûnderdiel fan Keunstwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)