Mooglik nij museum op Amelân

Ien fan de bunkers op It Amelân
It Amelân krijt der mooglik in museum by. In ploech eilânbewenners wol twa bunkers út de twadde wrâldoarloch ynrjochtsje as museum. Op it eilân stean ferskate bunkers dy't boud binne troch de Dútsers as ûnderdiel fan de Atlantikwall.
Twa ridlik ûnderholden bunkers op it súdwesten fan it eilân meitsje de measte kâns op in nije funksje. Doel is om oantinkens út de oarloch achter glês út te stallen. Minsken kinne dan sa yn- en útrinne, sûnder te beteljen.