Fiskers lilk oer fangstferbod

22 nov 2008 - 11:02

It fangstferbod foar iel yn de neisimmer dat minister Verburg fan LNV oankundige hat, wurdt de deastek foar de beropsfiskerij. Dat seit foarsitter Sicko Heldoorn fan belange-organisaasje Combinatie van Beroepsvissers.

Yn de moannen septimber en oktober mei der oar jier hielendal gjin iel mear fongen wurde. Dêrmei falt foar in soad beropsfiskers sawat de helte fan harren ynkommen fuort, seit Heldoorn. Hy neamt it in 'stomme, luie maatregel'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)