Learlingen winne KidzWiseAward

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Zuyderzee College op 'e Lemmer hawwe in KidzWise Award wûn. Se krigen de Award foar in kampanjeplan om de rjochten fan it bern ûnder de oandacht te bringen.
It idee fan de learlingen fan de Lemster skoalle is in stikker op it muntsje foar in winkelkarre. Se krije 500 euro en help by de útfiering fan it plan. Op 10 desimber, de dei fan de rjochten fan de minsk, sille de learlingen de stikkers útdiele yn Den Haach op in festival.