Hieltyd mear tsjerken ticht

21 nov 2008 - 17:23

Alle wiken geane yn Nederlân twa tsjerken ticht. Dat is freed bekend makke troch de Feriening fan Behearders fan Monumintale Tsjerkegebouwen. Ek yn Fryslân moatte hieltyd mear tsjerken de doarren slute; de kommende tsien jier 50 oant 100. Der wurdt socht nei alternatyf gebrûk fan âlde tsjerken; ien fan 'e mooglikheden om sloop fan religieus erfguod foar te kommen.

Bakker fan Alde Fryske Tsjerken neamt it 'in net te kearen ûntwikkeling'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)