Ljouwert lit mosquito's hingje

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert giet foarearst troch mei it ynsetten fan mosquito's tsjin hingjongerein. Dat seit boargemaster Ferd Crone yn reaksje op útspraken fan minister Ter Horst fan Ynlânske Saken. Sy sei tongersdei yn de Twadde Keamer dat der mooglik grûnwetlike beswieren binne tsjin it brûken fan 'e mosquito.
De mosquito ferspriedt yrritant hege toanen dy't allinnich troch jongerein ûnder de 25 heard wurde kinne. Skea oan it gehoar soe it gefolch wêze kinne.