Burghout Menaam oernommen

© Omrop Fryslân
Maaltijdvoorziening Burghout út Menaam is oernaam troch Maaltijdservice Noord. In tal wiken lyn gie it bedriuw fan Burghout fallyt en dêrtroch wiene der in soad klanten dy't harren iten net mear krije soene.
Maaltijdvoorziening Burghout fersoarge waarm iten foar minsken dy't it finansjeel net sa rom ha. Maaltijdservice Noord hat it bedriuw oernaam en hat ek trije meiwurkers fan it âlde bedriuw yn tsjinst nommen.