LEON stapt út oerlis gemeente

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter ûndernimmersferiening LEON stapt út it oerlis mei de gemeente oer de bou fan in nij winkelkompleks by Werpsterhoeke. De feriening hie de gemeente frege foar 19 novimber mei dúdlikens te kommen oer de bouplannen, mar Ljouwert hat dy net jûn. LEON wol no syn namme net langer oan de plannen ferbine.
De feriening hat dit de gemeente skreaun yn in brief, dy't ek ûndertekene is troch MKB-Noord en de Keamer fan Keaphannel.