Yad Vashem foar Frieswijk

21 nov 2008 - 09:23

Yn Drachten is tongersdei postúm in Yad Vashem ûnderskieding takend oan Ruurd Frieswyk en syn frou Ytsje. Sy ha yn de oarloch ûnderdak jûn oan in joadske man út Amsterdam. Dy moast yn 1943 flechtsje, doe't der yn de haadstêd in razzia hâlden waard. Syn heit en suster binne oppakt en om it libben brocht yn it kamp Auschwitz.

De ûnderdûker hat de oarloch oerlibbe en is letter nei Kanada ferhûze. De dochter fan Ruurd en Ytsje Frieswyk naam de ûnderskieding yn ûntfangst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)