Frachtwein waait om op A7

De Poalske frachtauto dwers op 'e dyk
In ûngelok mei in frachtauto hat freedtemoarn foar in lange file soarge op de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk. By Koarnwert waaide de lege oanhinger fan de frachtauto tsjin de fangrails en kantele dêrnei.
It ferkear moast sa'n oere lang bot rekken hâlde mei fertragings. Flak nei healwei njoggenen wiene de helptsjinsten klear mei de berging fan de frachtauto en oanhinger. It ferkear koe yn de tuskentiid omlaat wurde, sa sei in wurdfierder fan Rykswettersteat.