Wettersteuring Drachten oer

Troch in lek yn de útgeande lieding fan 'e wettertoer fan Drachten hat hiel Drachten freedtemoarn tusken 7 en 10 oere gjin of amper wetter hân. Wetterliedingbedriuw Vitens hie it lek al gau fûn en in omlieding oanbrocht.
De wettersteuring soarge wol foar de nedige oerlêst. Guon skoallen stjoerden de bern tydlik nei hûs, yn guon supermerken ûntstie in run op wetter yn pakken en flessen. It sikehûs helle it wetter út in eigen grutte wettertank.